Kor Onclin (1918-2003) ‘In libben fol kleur.’
Kor Onclin, berne yn Ljouwert, groeit op yn in frijsinnich en artistyk fermidden. Al op de legere skoalle komt syn talint foar tekenjen en muzyk nei foaren. Hy folget lessen oan de foarrinner fan de Vredeman de Vries Academie yn Ljouwert en komt fia syn heit yn kontakt mei keunstners, sa as Gerrit Benner. Ein tritiger jierren eksposearret er foar it earst by keunsthannel De Boer yn Ljouwert.

Yn ‘t earstoan begjint Kor Onclin him in namme te meitsjen mei figurative swart-wyt portretten en lânskippen, mar al gau ûntwikkelet hy in eigen styl, dêr’t kleurgebrûk en tekstuer karakteristike eleminten yn binne. De tematyk yn syn wurk ûntlient er oan wat der op in dei op syn wei komt, en dat yn de meast brede sin. Dêrby binne de ‘primitive’ Afrikaanske keunst en de ûnbefongen ferwûndering fan it bern wichtige ynspiraasjeboarnen foar him. Wat dat oanbelanget is yn syn wurk in beskate affiniteit sichtber mei de COBRA-beweging.
1948 | Ofreis út Ljouwert. |
1948 – 1960 | Stúdzje ortopedagogy en dielstúdzjes psychology, wiisbegearte en medisinen. |
1950 – 1978 | Wurket yn bernebeskerming, reklassearring en ferskate G.G.Z.-ynstellings. Neist dosintskip oan û.o. Sosjale Akademy fêstiget er him as selsstannich psychoterapeut en is ien fan de earsten yn Nederlân dy’t him rjochtet op gesinsterapy. |
JFyftiger jierren | Geregeld ferbliuw yn Parys; kontakten mei oare keunstners; skilders, musisy en skriuwers, benammen út de eksistinsjalistyske beweging.
Parallel oan dy beropsaktiviteiten lit him ek út en troch de skilder Onclin sjen. Der binne inkelde perioaden dat hy faker eksposearret, lykas ein sechstiger – begjin santiger jierren. |
1977 | Beslút om him folslein oan it skilderjen te wijen. |
De Ardèche-jaren (1978 – 2002) |
---|
1978 | Opholden mei psychoterapeutyske praktyk, fuortgien út Nederlân en bliuwend fêstige yn Súdeast-Frankryk, omkriten Privas/Ardèche. |
1981 | Earste Frânske eksposysje. |
1986 | Fernijd kontakt mei de keunstwrâld yn Nederlân; eksposysje by Galerie Vlasblom, Arnhem. |
1986 | Atelier Rue Bir Hakeim yn Privas. |
1986 – 2001 | Alle jierren ien of mear eksposysjes yn Nederlân, dêr’t ferskate galeryen yntusken permanint wurk yn foarrie hawwe.
Dêrneist eksposearret Kor Onclin faak yn Frankryk; benammen yn it súdlike diel: Aix-en-Provence, Cannes, Arles, Marseille, Avignon, Privas. In soad kearen waarden prizen en underskiedingen takend oan syn wurk |
De festiging yn Frankryk (Rochessauve/Privas) en de jierren yn de Ardèche binne sawol foar de keunstner as foar de minsk Kor Onclin, sear wichtich west. Troch de ynfloed fan dit nije libben krije de kleuren fan syn palet noch mear helderens en djipte, en wurdt syn skilderkeunstige taal noch yntinser dan dat it al wie. Yn dit nije lân fint er de kwaliteit fan libben der’t er altyd nei lange hat. De festiging, yn 1986, fan syn Atelier yn in sintrum fan Privas, rue Bir Hakeim, bestjut oerdúdlik in nij elan en in belangryk ympuls foar syn skilderkeunst.
Yn it kulturele libben yn de Ardèche spilet Kor Onclin in belangrike rol; as keunstskilder sawol as mins is hy tige wurdearre en populêr. Dêrby is hy foar in soad kollega-keunstners in grut ynspirator.
1997 | Atelier Rue des Poireaux, Privas. |
1998 | Monografy ‘Kleuren van Verwondering’, ta gelegenheid fan syn tachtichste jierdei. |
1999 – 2001 | De al fameuze ‘l’Art dans les Classes’; Kor Onclins skilderprojekten op skoallen yn de Frânske Ardèche. |
juny 2002 | Yn ferbân mei sykte opheffing atelier Rue des Poireaux. |
hierst 2002 | Fanwege sûnenssituaasje definityf weromkommen nei Nederlân. |
maart 2003 | Ferstjerren Kor Onclin. |
novimber 2003 | Hommaazje-tentoanstelling Galerie Espace Envol – Privas/Ardèche. |
desimber 2003 | Hommaazje-tentoanstelling Galerie Vlasblom – Arnhem. |
septimber 2004 | Place Kor Onclin; offisjele iepening fan it nei Kor Onclin neamde plein yn de haadstêd fan de Ardèche: Privas. |
desimber 2005 | Hommaazje-tentoanstelling, Ljouwert. |
Exposities geschiedenis |