Kor Onclin

Oeuvre Kor Onclin

In ‘Onclin’ lit ûnmiskenber de hân fan de master sjen. Syn stilen binne dan wol ferskillend, fan fiergeand abstrakt oant ‘losse’ figuraasje, mar alles is útsprutsen. Yn syn krêftich hânskrift lit er de tema’s sjen dy’t him sa fûleindich dwaande hâlde.

Kor Onclin hâldt fan it libben. Fol fjoer lit er de skientme fan in lânskip sjen, syn fassinaasje foar de minske yn al syn ferskiningen, mar ek syn ûngerêstens oer de ferneatigjende krêften dy’t de hielheid fan in libben en de wrâld skeine.

De kleuren fan Kor Onclin binne dy fan in hertstochtlik en yntins libjend minske, dy’t him alle dagen wer ferwûnderet oer de skientme fan ’e dingen. Mar yn syn palet sitte ek tinten dy’t werjouwe wat him noch mear beweecht: it djippe blau fan de nacht, syn feeling blue. Ek de kleuren fan ferwûning en ferbjustering. Dy binne minder útskroeven, mar likegoed hiel útsprutsen, want oan ferbergjen docht Kor Onclin net.

Yn de ferskillende materiële lagen fan in protte fan syn skilderijen toant er tagelyk de ferskillende lagen fan syn tematyk en fan alle aspekten derfan. Wrottend en wramend mei ferve, benammen yn syn earder wurk, makket er de lagen fan in trochlibbe werklikheid sichtber. Mar syn minder pasteus skildere wurken – in soad dêrfan op papier – binne ek nea flechtich. Yn in inkelde skets skûlet al in folsleine wrâld.

Kor Onclin docht in berop op ús as sjoggers om him te folgjen op syn ûntdekkingstocht fan it libben. Hy nûget ús út en hjit ús wolkom yn de wrâld dy’t er útbyldet en kenber meitsje wol.