Yn 2018 is it hûndert jier lyn dat Kor Onclin yn Ljouwert berne waard. Dat iuwfeest sil de Stichting fiere mei spesjale aktiviteiten! Op it programma steane bysûndere eksposysjes fan syn wurk, in edukatyf keunstprojekt en – tweintich jier nei de foarige – in nije boekútjefte oer Kor Onclin en de spoaren dy’t er neilitten hat as minske en as keunstner.
