Kor Onclin

Expositie Kor Onclin in Sneek geopend

Bax Kunst in Sneek laat Kor Onclin zien. Van 1 oktober t/m 12 november wordt zijn meer geometrische werk geëxposeerd. Er is dan ook keramiek te zien van Henneke Chevalier.

Tijdens de opening van de expositie droeg de Friese dichter Syds Wiersma een speciaal voor deze tentoonstelling gemaakt gedicht voor. Het heet Onclin-Blauw. Het is geïnspireerd door het schilderij Beyond the Blue Horizon. Onder de foto staat de Friese tekst.

Syds Wiersma

ONCLIN-BLAU

Beyond the blue horizon

it blau
achter de kimen wei
ik rin der graach yn
it stiet dy goed, seit se
komt fan dyn eagen en dyn hûd
dy sizze mear as wat wy ornaris sjogge
rin mar fierder, seit se
djipje it spektrum mar út

neam it egyptysk blau, in eksoat út koperfylsel, sân en natron
mar tink derom, sân mei kalk en de oven hiter as 800 °C, dêrnei
de glêzige klompkes mealle, dan krijst it pigmint hsbd-iryt,
keunstmjittige lapis lazuly (hsbd), in goedkeape imitaasje fan
dy djoere healedelstien, mar hoe’tst it krekt makkest rekke
yn it ferjit

azuryt, berchblau mei ek, gefoelich foar soer en oksidaasje
ta grien malachyt, it wie djoer mar tsien kear goedkeaper
as ultramaryn, en prusysk blau wie noch goedkeaper,
dat sa rekke it út de tiid

ultramaryn kaam fan oersee, siet yn it mineraal lazuryt
dat wy bygelyks yn lapis lazuli fine, it waard as kleur al brûkt
yn afgaanske grottekeningen, rottekrûddjoer, it kaam fan fier,
dat giotto brûkte it inkeld foar Jezus en Maria har klean

natuerlik yndigo, wûn út plantesoarten fan it geslacht yndigofeara
dat benammen yn de tropen foarkomt, by ús helle út wede, se
kleuren der spikerbroeken mei mar it hechtet min oan tekstyl
dat it sliet en waard feal, de berte fan de jeans

prusysk blau, Diesbach ûntduts it by fersin doe’t er ompielde mei
it oksidearjen fan izer en in oksebloedpigmint, hy hope op in read
mar krige bazich blau, as poeier waard it sels in tsjingif foar wa’t
tallium of radio-aktyf sesium ynnaam hie, yn Turks Fruit sei Olga
dat ‘iets’ har prusysk blau wie

genôch, seit se, kom mar werom
hast al mear sein as wat wy ornaris sjogge
komt fan dyn eagen en dyn hûd
dy steane goed
by wat der achter de kimen leit

yn de Ardèche wennet Jean-Marc, hy hat in artisanaal fabrykje
dêr’t er prachtige akrylferves makket, hy hâldt fan djip pigmint
en in ryk ferskaat, Kor freget him, kinst dit ultramaryn noch
wat djipper meitsje? hy seit, bedoelst fan achter de kimen? ja
seit Kor, fan oersee, en Jean-Marc makket it en doopt it ta
Onclin-blau

Syds Wiersma, dichter